Home
Gastfrijfrysk met de friese taal

Friesland? Kunnen wij dat wel verstaan???

Binnendoar

Ferwen josels mei in hearlike en luksueuze fakânsje. Fiif grutte apparteminten yn in earder skoalgebou. In protte romte, trendy en mei design ynrjochte troch Bianca en Edword, dy’t net allinnich eigners binne fan dizze akkommodaasje, mar ek in designburo hawwe.

Yn it fakânsjehûs is plak foar 2 oant 22 persoanen:

Dêrneist is der in grutte, lúkse en goed ynrjochte keuken, in ekstra ytkeamer en in grutte tún mei húsdieren en bisten fan ’e buorkerij: hynders, geiten, katten en hinnen begroetsje jo en meie ek aaid wurde. Foar jo sûnens kinne jo terjochte yn in Finske sauna (houtstookt)! Der kinne ek fytsen hierd wurde.

Bern en húsdieren binne tige wolkom!

  

Bûtenút

De prachtige omjouwing mei Waadsee en Lauwersmar noeget út ta kuiertochten, fytstochten, hynsteriden en oare ûntdekkingen. De Waadsee is altyd moai en ferrassend: wyld, dridzich, skommich, bluisterich, stoarmeftich, dreamerich en mei in sinneûndergong yn read en oranje. By elk waartype is der wat moais te sjen!

Yn it Lauwerseegebiet kin men op útsette paden ek hynders en kij tsjinkomme. Fierders guozzen en in hiel soad oare fûgels op trochreis nei it suden (of it noarden). Dit natoerbeskermingsgebiet is in iepen lânskip mei in protte wetter. Noch mar fjirtich jier lyn is it troch wettersteatdeskundigen fan in see ta in mar omtovere troch in ôfslutdyk en slûzen oan te lizzen by Lauwerseach. In nije natoer, wêrby’t in sâlte biotoop omboud is ta in fûgelbeskermingsgebiet.

Mitselwier is in lyts doarp yn de trijehoeke Dokkum (in âld stedsje en ien fan de alve stêden fan de bekende alvestêdetocht)-Grins-Ljouwert.

 

Scroll up
Scroll down
Open Cesare